Geschiedenis

Yn 1925 is de earste kuorbalklub yn De RottefalIe oprjochte. Wytske Duursma-Atsma fertelt dêroer yn it jubileumnûmer: "50 jier Wêz Handich", Jel de Vries, in dochter fan master De Vries, hie yn Aldegea kuorbaljen sjoen. Dat moasten se yn De RottefalIe ek ha. Ut leden fan de J.G.O.B. (Jongeren Geheel Onthouders Bond) is doe de kuorbalklub foarme. Dy krige doe al de namme "Wêz Handich", in idee fan Wytske Atsma. Der waard earst spile op it terrein efter de herberch fan Van Dijk. Doe't dat ophalde moast, mocht de klub oefenje op it lân efter de pleats fan Atsma. Foar elke oefenjûn wie it earst fansels stront sykje, want yn it lân rûnen skiep en keallen.

De earste wedstriid is spiIe tsjin in fakânsje-ploechje út Bûtenpost, dêr't broers fan master Tuinman yn spilen en û.o. ek Garmt Stuiveling. Wêz Handich is doe al lid fan "de Bond" wurden, mar dat duorre net lang. Se spilen noch ris tsjin Bûtenpost, mar dat mocht net, want dy wiene gjin lid fan "de Bond", Wêz Handich, poerrazend, betanke as lid. Mis fansels, want it kontakt mei oare klubs wie der no net mear. "Wêz Handich" gyng oer de kop. De klub hie trije jier bestien. Der bleau oars net fan oer as in kasboekje mei in batich saldo fan f 10,-.

Op 1 maaie 1930 is der in nij begjin makke. Der wie op 't lêst noch in startkapitaal...
De nije klub hat jierren spile op it lân efter de pleats fan Bareld de Boer. Der ha hichte- en djiptepunten west. Wêz Handich hat yn 1947/48 sels yn de 1e klasse K.N.K.E. spile. Se ha ek in jier hielendal net spiIe. As Sybren Bergsma net nei De RottefalIe ferhûze wie, hie Wêz Handich faaks net oan syn 50-jierrich jubileum ta kaam. Under lieding fan Bergsma is Wêz Handich wer ta bloei kaam.

Njonken de kuorbalferiening bestiet de gymnastykferiening Wêz Handich. Yn 1969 is as ûnderôfdieling fan de gymnastykferiening de volleybalklub oprjochte. De akkomodaasje wie earst frijwat primityf. By de ferbouwing fan de iepenbiere skoalle yn 1949 wie in lokaal ynrjochte as gymnastyklokaal. Yn 1958 is dat lokaal fergrutte, mar it bleau behelpen. Sûnt 1981 hat De RottefalIe no in gymnastyklokaal, dat oan alle easken foldocht. Sa is it ek mei de sportterreinen. It nije kuorbalfjild is yn 1967 iepene en yn 1980 is it útwreide mei in fuotbalfjild. De RottefalIe hat no in sportakkomodaasje, dêr't it doarp wiis mei wêze kin.

Ut: De Rottefalle troch de ieuwen hinne (1985)
Skeaun troch H. Keuning

It notiidske Wêz Handich is dus oprjochte op 01-05-1930. Wy hawwe ûnderwilens ús 85-jierrich bestean al fierd! En in sportakkomodaasje sa as wy dy no ha, hienen se harren doe noch net foarstelle kind!