Wêr bliuwe se?

 

Wêr bliuwe se (de ferslagen)??

Jo hiene fêst al tocht, ik hear net folle mear fan it 6e. Mar as ien fan de leechste tiims woene we net alle romte ynnimme op de website en op facebook. De oandacht moat gean nei it earste en nei de jeugd. It begong goed, de earste wike mei in ferslach fan de C’s, mar fierder ha we neat wer sjoen. We ferwachtsje wol hast wer wat fan it flaggeskip en de jeugd.

Om’t we ús webmaster net nei it UWV ha wolle, hjir toch mar wer in ferslach fan tiim 6. Trije wedstriden ha jim noch fan ús te goede. Wy ha trije kear tús spile om 10.00 oere en trije kear deselfde skiedsrjochter hân.

 

Wol trije hiel ferskillende kuorbalploegen kwa beleving.

 

DOW/WH 6 – Noordenveld 4:

Dizze ploech kinne we sa stadichoan wol, der binne in pear dy’t útskeakele wurde moatte. En dat waard ek goed dien. As it wat minder wurdt mei Noordenveld dat kinne se ferskrikkelik op elkoar seure en de krachttermen fleane ús dan om de earen. De earste helte gong it harren foar de wyn en dan hear je se net. Mar doe’t we nei 2-7 werwerom kamen nei 7-9 waard it al wer oars. Ien bysûnder moment wol ik noch neame: der waard in goal ôfkard om dat in hear fan ús oan de koer sitten hie. No docht dy hear dat ek wolris, mar hy wie no echt net yn de buert. Wol spitich, oars hiene we miskien lyk spile. No ha we ferlern mei 10-12.

 

Doelpunten: Wobbe 4, Gerard 3, Bonne 1, Janke 1, Anneke 1

 

DOW/WH 6 – DIO/VZK/ODIS/Donkerbroek 4

Wat in ferskil mei de wyks derfoar. Dizze ploech hie wille mei syn allen en laken al by de tiimbespreking. Wy wiene ek aardich oan elkoar weage. Wy kamen in pear kear foar en sy ek. Yn it skoft (6-8 efter) krigen “als vanouds” tee fan Gerrie en dat die ús goed of kaam it troch de wissels? Stapke foar stapke kamen it 6e tichterby en doe wie it: “erop en erover”. Oan it ein waard it noch eefkes spannend en de wedstryd hie net folle langer duorje moatten, fan 12-9 waard it noch wer 12-11 en dat kaam ek op it digitale formulier.

 

Doelpunten: Gerard 5, André 4, Wobbe 1, Aetsje 1 en Betty 1

 

WH/DOW 6 – OKO 4

Fan dizze ploech hiene we de earste wedstryd wûn, mar we hiene yn de KNKV app sjoen dat se lyk spile hiene tsjin Noorderveld, dat we waarden al in bytsje bang. Om’t we ús tiimbegelieder/spiler/coach útliend hiene oan TFS (en stikken werwerom krigen) hiene we sels in opstelling ynelkoan flanst en dat pakte goed út, we kamen mei 2-0 foar. Ek allegear ferskillende soarten goals makken we hjoed (ôfstân, útstart, strafworp en sels in pear trochrinballen). Der waard in gatsje slein nei 8-4 en dat koe  útbouwd wurde nei in einstân fan 11-7. Opfallend is dat Wietze allinne goals makket tsjin OKO, dat we sizze no alle wiken tsjin him dat we tsjin OKO moatte.

 

Doelpunten: Wietze 3, Bonne 3, Gerard 2, Anneke 2, Betty 1