Eefkes wer wenne

OKO 4 – DOW/WH 6

 

It wie wol eefkes wer wennen. Dat begong al mei it ynpakken fan de tas. Ien hear hie de skuon fan syn freondinne mei naam. In oar koe it treningspak nei de ferhúzing net mear fine:” it sit yn in doaze, mar welke”. En ek alle dûsspul en slippers wiene noch net wer yn de tas belâne. Kwa úterlik wiene sommigen ek drastysk feroare. Ien fan ús hearen koene we hast net mear, mar doe’t er sei dat er oan de kant begong wisten we wer, wa’t it wie.

 

Noch in in lyste feroaring, we binne net allinne in fuzjeklup, mar tidens dit fjildseizoen binne we ek in fuzje oangong met it 5e.

 

Doe’t we by it fjild oankamen wie de man fan it ûnderhâld noch drok oan it slepen, dat alles lei de “piekfijn” by, doe’t we de earste stappen op it keunstgers setten. De oanfal bestie út: Wietze, Gerard, Grytsje en Anneke. It oare fak út: Janke, Sjoukje, Bonne en Jakob.

 

Wietze syn earste skot wie fuort raak. OKO makke 1-1 en ek Jakob wie it noch net ferleard. Nei twa kear sjitte,  wie Wietze syn skotpersentaasje 100 % en Grytsje makke der 2-4 fan. Foar it skoft kaam OKO noch ien kear lyk op 5-5, mar  se ha net ien kear foar stien.

 

Tidens de wedstryd wie Rick al yn it fjild kaam en healwei  kamen de routiniers Wobbe en Betty tusken de linen. Troch in DOW-bal en in pear strafworpen (dy’t eltsenien no sels nimme moat) kaam der 9-11 op it skoareboerd te stean. In leuke, sportive wedstryd en neffens my wie ek eltsenien wol wer wend oan elkoar en oan it spultsje.

 

Doelpunten: Jakob 5, Wietze 3, Grytsje 2, Sjoukje 1