Trio

 

By it lêzen fan de titel sille der fêst minsken tinke, wat soene se no wer útheve by it 6e. En dan gean de praatsjes al gau wer troch de doarpen. Mar der is neat oan de hân, it binne dizze kear trije ferslagen yn ien kear.

 

Wêz Handich/DOW 6 – Roreko 2

Tsjin dizze ploech komme we altyd min op gong. De earste helte kinne we net los komme. En der falle ek net in soad doelpunten. Yn it skoft stie der dan ek 5-3 op it skoareboerd. De twadde helte kamen we los, of dat no troch it yngewikkelde wisselskema kaam of dat der in oare oarsaak, wie dat kin ik jim net sizze. De trije moaiste goals sil ik jim net ûnthâlde, Rick makke yn de eartse helte in âlderwetske trekbal en Jakob skoarde út in hieieiele lange bal fan André fanút it oare fak. Annemarie makke de lêste goal, in buzzerbeater yn it fluitsinjaal: 17-8.

 

Doelpunten: André 4, Jakob 4, Bonne 2, Gooitzen 2, Gerard 1, Annemarie 1, Ilse 1, Rick 1 en Anneke 1

 

WH/DOW 6- Rodenburg 3

Mei André by de Maori’s oan de oare kant fan de wrâld en ús oanfoerster yn de snie, wiene we wat fan slach yn dizze ynhelwedstryd. Rodenburg koe de earste kear gjin ploech by elkoar krije, mar wiene no op folle oarlochssterkte kaam. Dit wie in wedstryd om gau te ferjitten. Healwei stie it 5-6 en oan it ein: 7-16.

 

Doelpunten: Gerard 3, Jakob 2, Siska 1 en Christien 1.

 

WK 1- WH/DOW 6

By ús op de kalinder stie “WK korfbal”. Dat de mannen wiene hjir tús al wat yn de war, hoe komt mem der by, der is hielendal gjin WK. Nee dat klopte ek wol, it seisde moast tsjin WK út Jubbegea kuorbalje. No liet ús “co-coach” ús dizze wike ek noch yn de steek, hy socht de stilte fan de bergen op, nei it debakel fan de wike derfoar. We begongen dizze wike al wat skerper oan de wedstryd. En foaral Ilse sleepte ús yn de begjinfase der troch. “Zij maakt het verschil” songen de Poema’s dêr lang lyn al oer. Yn it oare fak hie Jakob it op de heupen. Sa gong it lekker flot, ek WK skoarde moai mei. Sa makken we dizze kear yn de earste helte al mear as foarige wike yn de hiele westryd (10-11). De twadde helte koene we wat mear los komme en doe wie Gerard op dreef. By WK fregen se al, wêrom sit hy net yn it earste? De lêste bal wie hjoed foar Christien, dy’t mei in útstartbal de einstân op 15-23 brocht.

 

Doelpunten: Jakob 8, Gerard 6, Ilse 5, Rick 3, Christien 1