Time-out en Knock-out

DOW/WH 6 - Lintjo 3

Dizze wike in duoferslach. Foarige wike moasten mei 6e tsjin koprinner Lintjo 3. Dizze ploech hie noch gjin punten ferspile. Trije dames wiene al aardich waarm spile om’t se it 7e út de brân holpen hiene. Dat in slokje wetter en doooor. Gerard sette fuort de toan mei ôfstander en de twadde oanfal skoarde troch de begjinbal. We koene Lintjo elke kear krekt in stap foar bliuwe. Dit wiene se net wend, want nei 5 minuten begongen de banksitters al waarm te rinnen.

 

Nei it skoft wie it byld krekt oarsom, doe moasten we alle kearen it gat wer ticht meitsje. Wobbe die de “trúkendoaze” noch eefkes iepen en frege krekt foardat Lintjo in strafworp nimme moast in time-out oan. Hjir moat we noch al eefkes op trene, der wie net in spiler dy’t nei de kant kaam. En it holp ek net, de strafworp gong er yn. Oan it ein fan de wedstryd ha we noch eefkes fochten as liuwen en in 8-10 efterstân ombûgd nei in 10-10 lykspul.

 

Doelpunten: Gerard 2, Bonne 2, Rick 1, Jakob 1, Janke 1, Christien 1, Betty 1 en André 1.

 

Wêz Warber en Fluch 1 - DOW/WH 6

Dizze snein spilen we tsjin de ploegen út Himpens en Goutum. It earste fan Wêz Warber en Fluch. Nei in knappe oanfal smiet Bonne de earste bal deryn. Mar dêrnei gong it mâl. In hear fan ús en in dame fan WWenF kamen mei elkoar yn botsing en dêrnei hurd op de flier telâne. Se bleaunen beide lizzen en dizze kear gjin “bloed aan de paal” mar bloed op de flier. Beide spilers ferlieten it fjild en we gongen fierder mei de wedstryd. Yn de earste helte wie it foaral Wobbe dy’t ús yn de race hold. Healwei stiene we mei 9-7 efter. Mei in yngewikkelde wisselkonstruksje besochten we it tij te kearen, mar dat slagge net. De oanfallen te koart, hingjende hearen en dames fan de tsjinstander en it skot faak te koart. We komme de lêste trije wiken net boppe de 10 út. Dat de korballogen moat der yn de krystfekânsje mar ris djip oer nei tinke hoe’t we dit oanpakke sille yn it nije jier. Dan winskje ik jo út namme fan it 6e goeie krysdagen (dat kin hast net misse mei in beam en in rollade van de klup) en in sportyf 2020 ta.

 

Doelpunten: Wobbe 5, Bonne 1, Jakob 1, Janke 1 en Anneke 1.