Granyt en Kristal

Jierfergadering Club fan 75

Wat ha granyt en kristal mei dizze fergadering fan de club van 75 te meitsjen, sa iepene foarsitter Bert Blauw de jierlikse fergadering. Granyt stiet foar 90 jier en 1 maaie 2020 is dat safier mei WH. Kristal stiet foar 15 jier, salang bestiet de club van 75 dan, want dy is oprjochte mei it 75 jierrich bestean.

 

En wat ha we al wat berikt mei syn allen: In skoareboerd, dug-outs, belijning foar de jeugdtiims, de jeugdtreners yn herkenbare klean langs de line, reserveshirts foar jeugdtiims en noch in hiel soad oare saken.

 

Op de fergadering begjinne we altyd mei in “terugblik”: wat is der terjochte fan de plannen fan de foarige fergadering. Eins alles wat we fan plan wiene, is útfierd, allinne de foto’s binne noch net klear.

 

Dan komme de plannen dy’t yntsjinne binne troch de leden oan bar. Dit jier hiel wat plannen. Tidens de fergadering waard besletten dat alles wat mei de jeugd te meitsjen hat trochgean moat.

 

Dit binne: “Knijpfluiten” foar eltse jeugdploech om it fluitsjen tidens de trening te stimuleren, bijdrage jeugdtrenersuitje, reserfearje foar 90 jierrich jubileum (foar in jeugaktiviteit), lytse muzykboks foar by de trening, oanpassing fjild (as it foar de jeugd is), bydrage oan it maskottepak.

 

Wat dogge we net?: Paraplu’s (bestjoer siket dêr in sponsor foar), nije peallen en ballen (dit punt spylje we werom nei it bestjoer)

 

Dan lei er noch in fersyk fan de kangoeroeclub om shirts mei it nije logo. Dat waard spontaan tidens de fergadering oplost troch Atze Bron. Bron Beton sil se sponsorje. No’t der gjin buideldieren yn it hertenkamp omspringe fûn de medebehearder fan it hertenkamp it belangryk, dat se wol op it fjild omspringe kinne.

Yn de rûnfraach kaam de fraach: wurdt “de club fan 75” yn maaie club van 90? Dit punt nimt it bestjoer mei.

 

Wy hiene it boerd mei leden moai fol, mar no binne der troch ôfsizzingen 5 plakjes frijkaam. Wolle jo ek graach by dizze club hearre en elts jier nei de leukste fergadering fan it jier, dan kin. Bert, Michiel en Anneke kin jo dêr foar benaderje. (Der binne no noch 4 plakjes, Klaas Pool is nei de fergadering lid wurden)

 

Nei ôfrûn fan de fergadering stie der Sjineesk buffet klear en koe der gesellich eefkes bypraat wurde. De belangrykste fraach tidens dy gesprekken wie: Wa moat der aanst yn dat pak? Der wiene suggestjes genôch.

logo cv75