"De hommelske rykdom fan Marco Kloosterboer"

toniel wh

Sneon 26 jannewaris wie it wer safier, de jierlikse toaniel útfiering fan Wêz Handich.

 

Dizze kear waard de komyske klucht “De hommelske rykdom fan Marco Kloosterboer “ foar it fuotljocht brocht. In luchtige komeedzje wêryn in “gewoane” húshâlding, besteande út pake Jan, syn 2 dochters Aaltsje en Joke en syn 2 pakesizzers Linda en Marco, ynienen 5 miljoen euro winne.

 

De winner waard yn in telefyzjeshow, hokker live waard útstjoerd en presintearre troch Monica (mei in soad fjoer en passy spile troch Henny Hoekstra) en fêstlein troch har fêste kameraman Bert (spile troch Foppe Jan de Mear dy dit wolris earder by de hân hat hân) , bekend makke.

 

Mar wa hat dat lot kocht en wa hat dan eins rjocht op dy 5 miljoen euro? It winnende lot stiet nammentlik op namme fan Marco Kloosterboer. Mar hokker Marco? Is it lot no fan pake Jan Marco, in âld stik segryn die’t de hiele dei omkarket yn in rolstoel (op fantastyske wize delset troch Jan Wolter Veenstra) of is it lot fan dy oare Marco (geweldich spile troch Simon Numan), de ferstandlik beheinde soan fan Joke? (in rol op it liif skreaune foar Antsje vd Heide).

 

Fansels hopet Aaltsje (sublym delset troch Betty Atsma), dat sy ek in flinke leppel fol út de sjerppot krije kin. Hja sjocht har al, tegearre mei har dochter Linda (in fantastyske rol fan Sytske Bron), sitte yn in waarm tropysk lân mei in grut hûs mei eigen swimbad.

 

toniel 2019

Fansels binne der gelyk kapers op de kust dy graach profitearje wolle fan in oar syn rykdom. Sa komt der út it neat iene Romke (in rol op de búk skreaun foar Wilco Numan) op de proppen dy beweard de heit fan Marco te wêzen. “Omke Romke” wol stomme graach syn freondinne Bianca (mei faasje spile troch Anneke Westra) keppelje oan soan Marco. Mar of dat sa’n goed idee wie?

 

Ek Monica wol ta beslút wol in slach ny in diel fan it jild dwaan om sadwaande har eigen telefyzjestasjon te realisearjen. Der ûntstean dan ek allegear kosmyske situaasjes en hilaryske misbegrypen dy elkoar yn fluch tempo opfolgje.

 

De rezjy wie ek dizze kear wer yn de betoefte hannen fan Jan vd Heide en hy waard yn dizze bystien troch Bauke Benedictus as ynstekker. It grime en kapwerk wie ek dizze kear wer goed fersoarge troch Annie Bergsma. Ferantwurdlik foar it dekôr wiene Harm Bergsma en Tsjerk Jansma. It feit dat alles goed te sjen en te ferstean wie hawwe wy te tankjen oan Keap Hoekstra dy ferantwurdlik wie foar it ljocht en lûd.

 

Wêz Handich hat, mei twa kear in folle seal yn het Werflân, har besikers wer op in hearlik jûntsje laitsje traktearje kint. De taskôgers wiene nei ôfrin lófjend oer it fertoande spul en de prachtige personaazjes dy't der delset waarden. Koartsein in útfiering wêr’t wy grutsk op wéze kinne.

 

Hawwe jo it dizze kear mist, gjin need, it oare jier wurdt der wer in stik ynstudearre. Ús útfierings binne altyd op de lêste sneon fan jannewaris en de earste freed fan febrewaris. De freeds wurdt altyd organisearre troch de kulturele kommisje.

 

toniel 2019 2

 

Fansels wolle wy ús sponsoaren fan herte betankje foar harren bydrage om e.e.a mooglik te meitsjen:

 

Ferwerda Beveiliging, Bakkerij Bôle ensa, Haarstudio Annie Bergsma en Bouwbedrijf de Haan,

 

Tige tank!!

 

Mar benammen wolle wy jimme as taskôgers betankje. Sûnder publyk gjin spel!

 

Oant oare jier!!

 

 

Sjoch foar mear foto’s op de webside fan de Rottefalle.