In memoriam

loek 1

Spitigernoch hawwe wy ôfskie nimme matten fan Loek Stoker.

 

Loek Stoker, de frou fan ús trainer Sjouke Stoker. Ja krekt de frou mei de kamera’s en de grutte telelensen dy’t altyd lâns de kant fan it fjild siet om de spilers op de gefoelige plaat fêst te lizzen.

En wat wiene dat moaie foto’s!

 

Loek Stoker, de betûfte tonielspielster fan it Mûnein dy’t har earste skreden fan it regisearren by de tonielploech fan Wêz Handich set hat.
Fiif jier lang hat Loek by ús ferskate stikken regisearre. En wat gie har dat goed ôf!

Ek hat se letter by har eigen toanielploech “it Nije Doarp” fan Mûnein noch ferskate stikken regisearre.

 

Fiersten te betiid is no it doek fallen foar Loek. Nei in tiid fan hoopjen hat hja de striid tsjin har sykte net winne kinnen.

 

Wy winskje Sjouke en de bern in soad sterkte ta dit grutte ferlies in plak te jaan.

 

loek 2