It koe krekt

WH/DOW 6 - NKC 2

 

Sinteklaas is wer yn it Fryske lân.

Fan kuorbal hat er in soad ferstân.

 

It 6e is syn favorite ploech.

Fandêr dat er him dêr op de bank del joech.

 

De toto fyn Sint super fet.

Mar hjoed hie er de joker op de ferkearde ploech ynset.

 

NKC, in ploech dy’t graach krúze mei,

Se sitte der boppeop, je binne net samar frij.

 

Wobbe makke fuort oan it begjin 1-0.

It kombinaasjetiim hie it bêste fan it spul.

 

De dames Christine en Betty skoarden beide twa kear.

En ek Jakob kaam los fan syn klevende hear.

 

Sinteklaas is natuerlik  “fan” fan Bonne, Bonne, Bonne

En dy skeat him ek ien kear troch de tonne.

 

Der wiene tsien makke foar it skoft.

En NKC hie him de fjouwer kear ynploft.

 

De twadde helte hiene we net sa’n bêste start.

Mar we waarden red, troch matchwinner Gerard.

 

Hy sette nûmer 13 op it boerd.

De stân 13-12 waard troch de  hear Lap nei de bûn stjoerd.

 

Yn de seal no ien kear wûn en ien kear ferlern.

Oare wike is it 6e om 11.10 tsjin WW en F wer te sjen.