We binne wer los!!

WH/DOW 6 - NKC (N) 2

 

Oan de foarbereiding fan it 6e soe it dit jier net lizze. Alles waard út de kast helle om yn septimber der wer te stean. Der is ien dy’t hat yn retraite west by ´le Mont-Saint-Michel´. In oaren socht it bern yn harsels wer op yn Denemarken by de legostientsjes. Der wiene in pear dy ha op hichte staazje west yn de Eiffel of yn Eastenryk. Mar ien hear spande toch wol de kroan troch yn 31 dagen nei de Noordkaap te fytsen. Wat in bearekondyzje sil dy man ha. O ja der wie ek noch ien mei in aerodynamysk kapsel (standje 9).

 

Om 12 oere koene we los. André wie der lokkich wer, nei in slepende blessuere en Iris hat de oerstap makke nei ús tiim. NKC 2, in tsjinstander dy’t we mei dit kombinaasjetiim noch net earder troffen hiene. De minsken yn de dug out hiene it earst net sa drok. It duorre lang foardat de earste bal troch de koer foel. En doe moasten we ek noch op guest+ drukke. NKC wie tûker as ús en rûn út nei 0-4. Wobbe soarge der foar dat we ek in kear op home+ drukke koene. We hiene wol wat tichter by komme kind, mar strafworpen wie net it ding fan it 6e yn dizze wedstryd.

 

Yn it skoft waard der praat oer hoe’t je it krúzen tsjin gean kinne (net mei de rêch nei elkoar ta ferdedichje). De twadde helte wie better as de earste, mar NKC skoarde krekt op it goeie moment. Net in protte doelpunten yn dizze wedstryd, dat komt fêst net allinne om’t we no 2 x 30 minuten spylje. De einstân wie 7-9. BT en Hennie bedankt dat jim ús eefkes helpe woene.

 

Doelpunten: Wobbe 2, Iris 1, Bonne 1, Jakob 1, André 1 en Gooitzen.

 

PS: Trener Bert as der woandei wat tiid oer is, soe’st de spilers fan tiim 6 wat strafworpen nimme litte kinne (ûnder druk), miskien winne we dan nije wike.