It 6e rint efter de feiten oan

WH/DOW 6 - Club Brothers 3

It is op ’t heden net allinne dreech om minsken foar de klasse te krijen of yn de soarch. Ek is der krapte oan spilers yn de ûnderste regionen fan ús kuorbalklup. Der binne wat blessures en dêrtroch spylje sommige minsken wat faker  as goed foar harren is en dan krije dy wer lêst fan oerbelêsting. Mar om healwei 12 stiene der dochs 8 spilers yn it fjild, tsjin de medekampioen yn de seal Club Brothers 3. Dat Jan Keuning in protte talinten hat wisten we (sjonge, lûkpûde spylje, kapitein, kuorbalje), mar op it fluitsje hiene we him noch net sa faak blazen sjoen.

 

De earste twa wedstriden op it fjild skeaten we fuort fan ôf it begjin aardich mei skerp, mar dat wie dizze snein net it gefal. It wie CB dy’t it foartou naam en it 6e hobbelde der hieltyd efteroan. Christine makke in moaie trochrinbal út de romte, dy woe ik noch al eefkes neame. En yn it boekje stiet dat in pear hearen aardich pealdûnsje koene (mar dat is mear wat foar in oar soart feestje). Mei in stân fan 5-7 gongen we rjochting de klaaihokken. De twadde helte rûn CB út, foaral troch de hearen dy’t se der fan ôfstân yn goaiden. Wat barde der fierder noch, Goaitzen skoarde út in “trucbal”, Bonne krige in lekkere tút nei dat er him sear dien hie (kusje erop?) en CB gong mei de punten nei hûs. De einstân wie: 13-18. Alle minsken krije no tiid om te herstellen, want 27 maaie steane we pas wer yn it fjild.

 

Doelpunten: Jakob 4, Christine 3, Anneke W 2, Janke 1, Betty 1, Gerard 1 en Gooitzen 1