In Sven-momentsje foar tiim 6

Vefo 1 - WH/DOW 6

 

As je dizze dagen de ”Olympische Spelen” wat folgje dan sjogge en hearre je foaral fan de analisten en fan de minsken dy tinke dat se der ferstân fan ha, wat der noadich is foar topsport. Freed nei de 5 km fan Esmee Visser wie it foaral it wurd “onbevangenheid” wat foarby kaam. By dat wurd tochten wy oan Trynke de Vries en lokkich woe se wol mei ús mei. Wy namen ek rom de tiid om op it plak fan bestemming te kommen (Zuidwolde) om in jetlag te foarkommen. Foardat we begongen, moasten we earst de wedstryd fisualysearje en dêrnei kaam it taktysk striidplan. Lykas by de ploegenachtervolging ha we as tiim in strak wisselskema en je witte, ien ferkearde wissel en it kin sa dien wêze.

 

Foarige kear hiene we frij maklik fan Vefo wûn, mar we koene oan de útslaggen wol sjen dat se tús better wiene dan út. Se hiene ús ek goed besjoen en setten wat ekstra druk op ús topskoarders. De earste helte wie yn it begjin foar Vefo en doe’t we nei in skoftsje troch hiene dat de skiedsrjochter maklik strafworpen joech koene we nei in efterstân fan 5-2 dochs noch wer lyk komme yn it skoft 7-7. Ek it earste kertier wie der noch spanning yn de wedstryd, mar doe’t se in gatsje sloegen fan 4, sakke de moed ús yn de skuon en koene we krekt as ús held Sven ús net wer herpakke. We wiene gewoan net goed genôch dizze snein. Einútslach: 18-11. No is der wize Fryske filosoof en dy hat alris sein:  je kinne net altyd oan de top stean, dan kin je allinne mar donderje. Dus dêr hâlde we ús dan mar oan fêst.

 

Doelpunten: Janke 3, Wobbe 3, Betty 2, Sjoukje 1, Trynke 1 en Jakob 1