Twa foar de priis fan ien

WH/DOW 6 - Rodenburg 4

Jimme hiene fêst al tocht wêr bliuwt it ferslach fan it 6e fan foarige wike. No it wie sa, der binne fan dy wedstriden dan is der net folle te fertellen. Dan giet alles syn gong, binne der gjin anekdotes of opmerkingen en dan falt it foar de ferslachskriuwer net mei om der wat fan te meitsjen. De wedstryd tsjin Rodenburg 4 hat noait spannend west. We kamen fuort dik foar, foaral Gerard wie goed op skot en wy ha ek net wer yn de problemen west. De wedstryd waard wûn mei 16-10. It wie wol in hiele sportieve wedstryd.

 

Doelpunten: Gerard 5, Sietske 3, Wobbe 2, Betty 2, Pier-Jan 1, Janke 1, Jakob 1 en Anneke 1

 

WH/DOW 6 - AVO 5

Dizze snein moasten we tsjin AVO út Assen. Fia de klaaikeamergossip kin ik jim fertelle dat se dêr bêste borgers (of reade star) ha yn Assen. De froulju fan AVO wiene hiel wat mear mâns as dy fan ús. En dan falt it net mei om ûnder de koer stean te bliuwen. AVO stiet ûnderoan, mar we fûnen it de foarige kear ek al net in minne ploech en waarden foar de wedstryd warskôge om se net te ûnderskatten. De earste helte gong it dreech, we waarden strak ferdedige en koene de koerbesetting net goed rûn krije. Binne we oars wol aardich tûk fan ôfstân, dizze snein woe it net. Yn it skoft waard der in taktysk plan betocht troch de captain en leine we de druk by Betty op de skouders. Se waard spesjaal op in dame set (no gong dizze dame der fuort út, dat it joech net folle). Mar Betty kin goed mei druk omgean en hat ús red de twadde helte. Fan in 7-10 efterstân ha we de skoare ombûgd nei in 12-10 oerwinning.

 

Doelpunten: Betty 5, Sjoukje 2, Wobbe 2, Gerard 1, Jakob 1 en Anneke 1