De vrolijke strijders

WH/DOW 6 - Vefo 1

Ien fan ús tiimgenoaten hat it op it heden drok mei it plaatsje draaien by “de vrolijke strijders”. No fyn ik dy namme ek wol in bytsje by ús tiim passen. We hâlde wol fan in grapke en sa no en dan in stekje ûnder wetter en striid is der altyd wol by it 6e tiim. Ek dizze snein wol wer. Vefo út Veeningen hie de glêde diken trotseard en kaam mei it earste tiim nei de Dúnoardshal yn Houtigehage ta. De ploech wie foar ús ûnbekend, dat it motto wie: lekker spylje en soargje dat we dit jier net mear fan it boppeste plakje ôf treaun wurde.

 

Nei dat de 0-1 makke wie troch in frije bal, makke Wobbe it mei in útstartbal wer lyk. De ploech út Veeningen koe ús ek net sa goed dat dan is it maklik skoaren mei in echte DOW-bal.  Betty en Wobbe hiene saterdeijûn goed by it earste sjoen en wiene ynspyrearre, se makken de iene nei de oare. Vefo koe aardich by bliuwe, mar kaam net foar. Healwei de wedstryd stie der 7-5 op it boerd. Nei de rêst wiene wy de bettere ploech. Us kracht is toch wol dat we allegear in goaltsje meitsje kinne en by de tsjinstander moast it fan in pear spilers komme. Nei 60 minuten wie it dan ek 17-9 en koene we ús krystkampioen neame.

 

No ha we earst in hiel skoft  frij om oare dingen te dwaan en as tip woe ik jim dan ek mei jaan om te lústerjen nei de vrolijkse strijders op 101,5 mhz of fia de livestream op 192kbps. Kinne jim echt net sûnder kuorbal, dan is der noch in toernooi op 30 desimber. Dit kin as spiler, mar publyk is ek wolkom. Ut namme fan it 6e winskje ik de lêzers fan de ferslagen noflike krystdagen en in sportyf 2018 ta.

 

Doelpunten: Wobbe 6, Betty 6, André 2, Jakob 2 en Gerard 1.

 

PS: Wy ha Betty har geheim ûntfutsele, bebogeen op de bôle, dêr wurde je sa tûk fan.