Op eigen risiko

Club Brothers 3 - WH/DOW 6cb1

 

Wylst waarman Pyt ús mei koade giel, oranje en read om de earen smiet, waard der yn de app groep fan it 6e flink fergadere. Wat dogge we? Net stinne mar hinne. Der wie in melker regele, Sjoukje hie wer keurig foar genôch personiel soarge, dat op nei Grins. De winterbannen derom en de skeppe yn de kofferbak, dan koe ús net folle oerkomme. Ien kear by de sporthal oankaam waarden we we fuort yntimidearre troch in buordsje (sjoch foto’s).

 

Dêrnei fuort noch wer in oare rare tekst, dat wy wiene suver wat fan slach. Troch “inside information” (in famyljefeestje), hiene we heard dat CB 3 in jonge ploech is mei kampioenaspiraasjes, dat we moasten oan de bak. Nei wat gesteggel oer de opstelling, it skynt dat alle froulju graach by Jakob yn it fak wolle, koene we los. De earste helte wie dúdlik foar de Fryske ploech, troch meast ôfstanders kamen we op de stân fan 4-8. Sa tsjin it skoft oan kamen de brothers al wer tichterby en dat wie in foarteken foar de twadde helte.

 

Yn it skoft (8-10) hiene we allegear aardich reade holtsjes, dat der waard besluten om it himd der mar ûnder wei te dwaan. Se hiene de kachel aardich foar ús opstookt.

cb2

 

De twadde helte wie it dien mei it skoaren fan de ploech út Eastermar en Rottefalle. En by de Grinzers slagge dat wol. Se rûnen út nei 15-11. Troch noch in kear djip adem te heljen en de lêste enerzjy der út te persen makken we de stân noch wat draagliker, mar de punten bleaunen  yn Grins. 15-14 wie de einstân. Om ’t we net op de oerwinning drinke koene, ha we mar ien dronken op Bonne en Jakob, dy’t der beide wer in jier by optelle mochten.

 

Doelpunten: Anneke W 3, Gerard 3, André 3, Betty 2, Jakob 1, Christine 1 en Anneke B 1