Op in snein tsjin de Pein...

WH/DOW 6 - De Pein 3

De beide websiden steane der fan fol

dat seagen wy ferline wike al

It is eins net mear te kearen,

de rymkes fleane ús om ´e earen.

Dat de Rympyt fan it 6e kin net efter bliuwe

en sil ek efkes in pipernút yn it sekje triuwe.

Se sil rymje oer ôfrûne snein

doe’t der spile waard tsjin de Pein.

Al foar de tredde kear dit seizoen,

twa kear waard der troch de Handige Oanhâlders al wûn.

Dat noaske de Peinders fansels net

dat lang om let

koe der wolris in hiel oar “de Pein “stean hjoed

en ús spiler/coach Wobbe siet der suver wat oer yn noed.

Leafst trije basisspilers moasten wy hjoed misse.

U.o. Sinteklaas wie de skuldige yn dizze.

Trynke woe wol wer mei balje hjoed

en Christine hie dochter Annemarie hinne stjoerd.

Betty har rêch wie net mear stiif

en sûnder André wiene der by de hearen altyd noch fiif.

Dat om ús koe it wol heve

en se soene hjir ris wat beleve!

Mei “Jakob syn fak”yn ‘e oanfal

iepenen we it bal.

We binne foar de duvel noch net benaud

en hiene dan ek flot in foarsprong opboud.

Jakob en Bonne wiene tûk

en kamen yn it boek.

Janke sette har dame op ‘e ferkearde foet

en sa kaam de 3-0 op it boerd.

Dit like mar bêst

mar we wiene noch net gerêst

want stiene dêrnei in hiel skoft droech

mar by de Pein gie it mei de puntsjes ek net rûch!

It waard al 3-3

en wy koene de bal der mar net yn krije.

De frije bal fan Wobbe gie noch al troch de koer

mar in Peinder hear sette der fuort ien fan ôfstân tsjinoer.

De rêststân fan 4-4 stie ús fansels net oan

en we hiene it allegear wol goed foar ’t ferstân:

“It spul is fierder wol knap ,

Mar de goaltsjes komme noch net sa rap.

Besykje de bal der yn te krijen ,

Dan winne we ek dizze Slach om ‘e Leyen!”

Mar nei it skoft wie it de Pein dat sok sette

doe’t wy efkes net goed opletten.

Sa seagen we 4-6 op it boerd stean

mar lieten dat fansels net oer ús kant gean.

Trynke en Wobbe makken it wer lyk

mar doe gie it efkes wat bryk

want doe krige Wipke

fan de skieds in stipke

en dy gie der feilleas yn, wat tochtst

dat doe hiene wy al ús nocht!

Mei trije ôfstanders op rige

ha we de Pein op ‘e knibbels krige

En al kealle it hjoed swier tsjin de Pein,

mei 9-8 lutsen we oan it langste ein!

Nei ôfrin noch efkes de kantine opsocht

en doe ha we se ek noch wat rollades ferkocht.

Oant safier de ferslachjouwing fan tiim 6.

Oare wike hearre jim oer ús reis

nei de Club Brothers, en Sisters sille se ek grif ha,

en dy stean op nûmer twa.

Hopelik hâlde we ús kopposysje yn stân,

en litte we se dêr in poepke rûke yn Grinslân.

Oh ja, de doelpuntsjes sille jim noch fan my krije,

No, Wobbe, dy makke der trije.

En Bonne , ja,

dy makke der twa.

Jakob, Janke, Trynke en Gerard hiene elk ien,

En dat binne der tegearre dan krekt gjin tsien!

 

Rympyt út it 6e.