Skiedsrjochter m/f

Rodenburg 4 - WH/DOW 6shirt whdow

It falt ús de lêste tiid op dat der hieltyd mear froulike skiedsrjochters binne, it tredde hie saterdei al ien en by it 6e hiene ek we in frou yn it swart. Wy wolle graach dat Wêz Handich en DOW sjoen wurde as moderne klubs en dan moatte we eins ek meidwaan oan dizze trend. Hjirby daagje wy de froulju fan Eastermar en Rottefalle út om in kear in wedstryd te fluitsjen. Jim meie by ús earst wol in kear oefenje. Foar de frou dy’t dit seizoen as earste 5 wedstriden fluitte hat, leit der in moai skiedsrjochtershirt klear mei it logo fan DOW en WH derop. Ik bin benijd.

 

De wedstryd: Snein neidat we gesellich mei de 7e by de Hagehiem op alle spilers wachte hiene, gongen wy rjochting Like (Leek) en sy rjochting Annen. Wy spilen tsjin de nûmer twa, al seit dat noch net sa folle nei ien wedstryd. Nei wat twifel sille we yn de swarte shirts of yn de blauwe, koene we dochs los tsjin Rodenburg 4. It koarte termyngeheugen lit it wat ôfwitte, dat de earste helte is by my ien swart gat.

 

De twadde helte kamen we op stoom en makken we 9 op rige. Foaral ús mannen wiene tûk en de froulju wiene sterk by de koer. Rodenburg wie súver ferstuivere en neidat se fan de skrik bekaam wiene, diene noch al wat werwerom, mar de wedstryd wie al spile. We slúten ôf mei de lange bal út it ferdedigingsfak , hielendal achter de koer nei Janke en dy lei him der knap yn.  We ha wûn mei 13-7.

 

Sietske en Henk bedankt foar jim oandiel. Oare wike moat we noch in kear út nei AVO. Noch ien opmerking oer de skieds: se hat better fluitte, dan dat wy spilen yn de earste helte.

 

Doelpunten: Gerard 3, Jakob 3, Henk 2, Bonne 2, Janke 2 en Sjoukje 1