In tûke broek

WH/DOW 6 - Goorecht 1

Mei it hjerstige waar, dat tsjin de ramen oan klettere, bin ik toch altyd wer bliid dat ik kuorbalje en net yn de modder om hoef te krûpen en te ploegjen.  It moaist is it dan, as de rein sa lekker tikket op it dak fan sporthal “Dúnoard”yn Houtigehage. Goorecht, ús earste tsjinstander yn de seal, dy namme ropt noch altyd in rare neismaak op. Ferline jier op it fjild ha we dêr dik oan de kont krigen en dêr waarden we foar de wedstryd ek goed op attent makke. We begongen dan ek skerp oan de wedstryd en mei in fariaasje op de DOW-bal kamen we op 1-0, makke troch Bonne dy’t fan ien in tûke broek liend hie. Yn de earste helte wiene de âld-striders fan Goorecht noch net warch en dan sjitte se hiel suver(foaral de mannen) fan hast by de lijn wei. Lokkich skoare wy oer alle skiven en ha we ek mear fariaasje yn ús spul. Krekt foar it skoft koene Christine mei in útstartbal en Wobbe fan ôfstân in gatsje slaan, sa kaam 9-7 yn it boekje te stean. Jongere teams hâlde it by yn de app, mar wy dogge it noch âlderwetsk.(sûnder lêsbril kinne we ek net sa goed appe)

 

Nei it skoft kaam Geriena (eefkes werom op it âlde nêst) yn de ploech, ús Betty leit noch wat yn de lappenmand. Goorecht begong noch mear achter te ferdedigjen en te hingjen, mar we bleaunen goed skoaren en koene útrinne nei in moaie foarsprong. Beide fakken hast likefolle makke, in tiim yn evenwicht tink ik sa. De lekker nei sjampoo rûkende skiedsrjochter (flesse kapot yn de tas?)koe dan ek 19-12 op it digitale wedstrydformulier sette.

 

Doelpunten: Wobbe 4, Gerard 4, Jakob 4, Bonne 2, Janke 2, Anneke 2 en Christine 1.