Op 'e knibbels

WH/DOW 6 - Wêz Warber en Fluch 1

6

Der moast snein earst in nij plaatsje fan ús sketten wurde. Hiene we oars noch wolris in knappe fotograaf. No krigen de mannen fuort wol twa “lieftallige” fotografen (Jellie Jansma en Anneke Bargerbos), dat se hiene de klean samar út. Earst tochten we dat ien kamera net breed genôch wie foar it 6e, mar dat wie net it gefal. Ien joech oanwizigen en de oare knipte de plaatsjes. As froulju moasten we op ‘e knibbels yn it wite gers, wy tochten dat de mannen dat altyd diene (op ‘e knibbels), mar dat is âlderwets seker.

 

Nei 4 wedstriden stiene we boppeoan en dat woene we eins wol sa hâlde. Dat dan soene we wol in kear winne moatte fan de ploech út Goutum en Himpens. En dat wie de lêste pear kear net slagge. Ferline jier ha we sels it kampioenschap dêr ferskiten. Neidat Wobbe de popkes op it júste plak set hie en sels plak naam yn de dug-out,  koene we los. Gerard tekene foar de earste goal. Betty en Janke makken der 3-1 fan. André wie skerp en hie der foar it skoft al trije yn lizzen.  Sa stie der healwei de wedstryd, 7-4 op it boerd. We waarden goed warskôge dat we net ferslapje moasten en de man fan dy wize wurden makke sels der fuort 8-4 fan.

 

Sa’n kertier foar it ein foel ien fan de mannen fan WWenF út en waard ferfongen troch in dame. En dan binne ús keardels toch wol galant, se sjitte net mear en dûbelje wat ôf. Doe’t de tsjinpartij wat tichter by kaam, ha we noch eefkes in skutter ynbrocht yn it oanfalsfak en waarden de punten feilich steld. Officieus binne we no al kampioen, de Pein kin allinne noch lyk komme, mar we sille der oare wike alles oan dwaan om allinne op it boppeste plakje te kommen. No rêst ús noch ien fraach: we ha heard dat Gerard in nij hûs kocht hat, soe er binnenkoart ek op ‘e knibbels gean?

 

Doelpunten: André 4, Gerard 3, Wobbe 3, Betty 2, Janke 1 en Jakob 1