Strakke shirts??

Wêz Warber en Fluch 1 - WH/DOW 6

It 6e tiim is in echt opliedingstiim. Ek dit jier koene we wer twa minsken goed ferkeapje op de “transfermarkt”. Michiel siket it hegerop by it 5e en Geriena hat de sprong nei it tredde makke. Wat we mei al dat jild op de bank sille witte we noch net, mar dêr fine we fêst wol plak foar (nije shirts miskien?).

 

Yn de foarbeskôging op de site fan Wêz Handich koene jim al lêze dat we  dat dit it tredde seizoen is, dat we mei dit tiim spylje sille en dat we foar de 11e kear tsjin WêzWarber en Fluch spylje. Spilen we oars noch tsjin it twadde tiim, no moasten we tsjin it earste. Dat dit kear wiene der al in pear nije kopkes by. Ek de lieding wie yn oare hannen. Hiene we oars altyd skiedsrjochter Griet, no wie it Dhr. J. Nijboer dy’t op it fluitsje oan it blazen wie. It gong al wat stroef yn it begjin, by beide ploegen.  In protte ballen oer de line en it duorre 10 minuten foardat de man fan it skoareboerd in buordsje omdraaie koe en dy earste goal wie net foar ús. Doe kaam ek by ús it wat op gong, it wiene de boeren fan it Wytfean dy’t der 1-3 fan makken. WWenF rûn út nei 5-3, mar troch wat wissels ta te passen, koene wer lyk komme.  As se by it earste 8 x wisselje meie dan kin dat by ús ek wol. By de tee ha we it foaral hân oer hoe it koe dat de shirts sa strak sieten en dat it fjildspul fan ús toch wol folle better wie mar dat we it net om setten yn goals.

 

De twadde helte gong moai lyk op en oan it ein like it der op dat we ien of miskien wol twa punten mei nei hûs nimme soene, mar jim riede it al. Niks, neat, njente, nothing. Ferlern mei 10-9.

 

Doelpunten: Jakob 3, André 2, Gooitzen 1, Wobbe 1, Gerard 1 en Betty 1