De blauwe pompeblêdpartij

VKC/Oerterp 5 - WH/DOW 6

Yn dizze tiid fan ferkiezing tocht ik by mysels, soe der ek ien fan de listlûkers op kuorbal sitten ha. Soe Buma it baltsje by de Waterpoort troch de koer goaid ha of Segers by Friso (op snein??) of by Rapiditas tusken de linen stien ha. Der is net folle oer te finen oft ús politici ek oan sport dogge of dien ha. En dochs soe it foar de measten wol in goeie saak wêze, dat se ris in tiid op kuorbal kamen. Se leare omgean mei mannen en frouwen, je moatte útdiele en ynkassearje, omgean mei gefoelens fan winst en ferlies. Je ha in taktyk en dy moat je somstiden bystelle. Je leare om te kommunisearjen (foar, achter, ik sjoch dy, toe mar) en te lústerjen. En al hiel gau kom je der achter dat je allinne neat binne en kinne. En út ûndersyk blykt dat minsken dy’t sporte folle slimmer wurde. Mar genôch oer de polityk. We spilen hjoed ús lêste sealwedstryd tsjin VKC. Der stie neat mear op it spul. De partijtop hie in moaie opstelling makke en ús listlûkster Janke stjoerde ús nij it goeie fak. Al gau die bliken dat in gjin wedstryd wurde soe. De achterban fan de partij fan 6e gong foar winst en soarge der foar dat der by rêst 0-11 op it boerd stie. Ek de twadde helte wie kat en muis. Mei 2-17 winst soarge de koalysje fan DOW en Wêz Handich dat punten mei nei hûs gongen.

 

André 4, Jakob 4, Anneke 3, Sietske 2, Gerard 1, Janke 1, Sjoukje 1, Wobbe 1