De diesels

WH/DOW 6 - SDO 2

Wylst de helte fan it lân him of har fermakket yn de snie of in reiske boekt hat nei de sinne, moast it 6e tiim noch ynheltje tsjin SDO 2 út Schoonoord. By de útwedstryd hiene we yn de lêste minút noch in punt foar de helsdoarren wei sleept. Dat it soe wol gjin makje wurde dizze wedstryd.

 

De earste goal kaam op namme fan Jakob dy’t fuort achter syn skot oankaam. Doe makke Sjoukje ien fan ôfstân de 2-0. In lekkere start. Doe gong it eefkes wat stroef, wol hiele lange oanfallen, ôffang goed fersoarge, mar gjin goals. Krekt foar it skoft, nei dat de mannen hiel faak sketten hiene, weage Grytsje ien kear in skot en fuort raak. Mei 5-3 gongen we de klaaikeamers yn en waard de taktyk bysteld.

 

Nei de pauze ha we faak in lyts dipke en komt de tsjinstander wer tichtby. Lokkich die Jakob de trúkendoaze iepen en die krekt of soe de goaie, SDO hear draait om en doe in lyts kânske by de koer. Dizze bal stiet ek wol bekend as de Erik Wolsink bal (en by Wêz handich as de Bontsje-bal). Ek de 9-7 mei noch wol eefkes neamd wurde, nei in ûnderskepping fan André en “mooi samenspel” (stie yn it boekje) koe Wobbe in ynrinbal meitsje. Michiel sette de einstân op it boerd en by 12-9 fluitte skiedsrjochter Jouke van Dijk foar de lêste kear dy dei. Troch dizze oerwinning bliuwe we moai op it twadde plak.

 

Doelpunten: Jakob 3, Wobbe 2, Sjoukje 1, Gerard 1, Grytsje 1, Nynke 1, Michiel 1, André 1, Anneke 1.