De diesels

WH/DOW 6 - Forward 1

De nederlaach fan ferline wike lei noch swier op de mage by de spilers fan it 6e. Der siet noch in protte ûnferwurke sear. Dat miskien moatte we mar ris mei it hiele tiim nei de frou dy’t op ús shirt stiet. In groepssessie by Hennie Meppelink om dizze negatieve gefoelens  om te setten yn in positieve “mind setting”. Of soe it wer tiid wêze foar in tiimbuildingsuitje?  Of gewoan winne fan Forward, miskien is it dan ek wol wer  klear.

 

Forward 1 ,ja krekt as it 4e ,it  5e  en  it 1e, spilen wy ek tsjin in earste tiim. Wobbe hie foar de wedstryd besocht om de kopkes allegear deselfde kant út krijen en ús goed sein, in heech tempo spylje, oars wurdt it in draak fan in wedstryd.  De earste helte like it dy kant al út te gean. Troch it achter ferdedigjen fan de tsjinstanner, koene we mar min de koerposysje  krije. Dan is faak nei ien skot de bal al wer fuort. We koene net echt los komme fan Forward dy’t op de ranglist toch hiel wat leger stiet. Yn it skoft stie it 10-7, in lyts gatsje, mar noch net genôch witte út ervaring.

 

Nei it skoft makken we it noch wer eefkes spannend foar it publyk en lieten se oant 10-9 komme. Mar doe kamen de diesels op gong, fan 10 -9 rûnen we út nei 22-9 en hast allinne mar goals op eigen kracht (ôfstân en útstart), dus gjin strafworpen en mar ien frij baltsje. Forward koe der noch ien goal útperse en sa waard it oan it ein 23-10.

 

Dizze oerwinning hie sa’n positieve ynfloed, dat der wiene al persoanen dy’t seine dat se 10 meitsje soene tsjin SDO. Binne jo ek benijd as dat slagget. Op snein 19 febrewaris helje we yn tsjin SDO om 11.00 oere yn Houtigehage.

 

Doelpunten:  André 6, Betty 6, Jakob 4, Janke 3, Sjoukje 2, Geriena 1, Gerard 1