Statistieken fan WH/DOW 6

Roreko 4 - WH/DOW 6

Jim sjogge fêst wolris nij in “live stream” wedstryd fan de korbal league (LDODK mei ús eigen Betty). Dêr wurdt alles byhâlden. Hoe faak oft ien sjit en hoe folle dat er dan raak binne. Ek de rebounds wurde teld en dat wurdt dan yn persentaasjes yn beeld brocht.

 

No as se dat snein ek dien hiene by it 6e ,dan wiene alle spilers onder 0 kaam, tink ik. En dy fan de tsjinstander wiene super. Ien hear en ien dame sieten boppe de 50 %. No wie it wol wat fjremd dat dy hear anoniem op it formulier stie en de dame letter mei spile yn it twadde team.

 

De wedstryd is net folle oer te fertellen, it wie kat en muis. We ha noch wol fan alles besocht. Wisseljen fan dame. Ien hear sakje litte, mar dat holp allegear neat. Dan begong de oare hear te skoaren. We ha dan ek  ferlern mei 21-8.  Lokkich wiene der ek noch in pear ljochtpuntsjes.  Moniek dy’t wol in kear mei ús mei woe, makke in moaie strafworp en Geriena is hurd op wei om topskoarder by de froulju te wurden. 

 

Dizze wedstryd mar gau ferjitte en snein begjinne we wer by 0-0. We kinne wol wat steun brûke om 11.10 oere yn Houtigehage.

 

Doelpunten: Jakob 2, André 2, Geriena 2, Janke 1, Moniek 1