It giet as it slydjaget mei it 6e.

Samen Een 1 - WH/DOW 6

Troch in moaie wite wrâld gong it 6e tiim snein nei Nijeveen ta. Der wiene sels in pear bern meilokke mei de opmerking: ”yn Drinte leit folle mear snie as hjirre”. Sa hiene we ek noch wat publyk tsjin it earste tiim fan Samen 1. Neffens ús ha we tsjin alle leden fan de klup spile, want om it hertsje hiene we in oare tsjinstander. Tús hiene we mar krekt wûn fan de ploech út Giethoorn (9-8). Dat we moasten wol oan de bak. Lokkich hie André it fysier op skerp, it earste skot wie fuort raak en ek nûmer twa kaam op syn namme. Betty makke mei in útstartbal 0-3. Doe liet SE ek wat hearre en waard it 1-3. Nei wat âlderwets krúswurk, noch leard fan Bontsje waard it 1-4. Janke slûpte om har dame hinne en makke de 5e goal. SE kaam noch wat tichter by troch in pear ôfstanders. Sa gongen we mei 3-5 it klaaihok yn.

 

Nei it skoft rekke WH/DOW wat yn in wintersliep en lieten de tsjinstander derop en deroer komme. We kamen achter mei 7-6. Mar dan komt it Wytfeanster bloed boppe, André en Jakob soargen derfoar dat we foar kamen en dat it gat no grut genôch wie. Jantina wreau noch wat sâlt yn de wûnde en makke in moaie ôfstander. Dizze twa punten binne ek wer binnen (einstân 9-13). Nei ôfrin hiene de mannen yn de dûs nochal wat lawaai, we koene it troch de muorre hinne hearre. We tochten dat it ôfwaaid praat wie, sa as meastal. Mar we hiene it mis (boerepraat oer molke en sa).

Doelpunten: André 6, Jakob 3, Betty 2, Janke 1, Jantina 1.