Wy wienen al in skoft binnen, mar it earste punt no ek

 

Desimber is wer oanbrutsen,
dat besjut dat we wer mei wat rymwurden gjin omprutsen.

Op de fjierde fan de maand stûn it earste fan Goorecht op ’t trottoir, en by dy ploech kaam fan ôfstân it measte gefaar.

De oanval bestûn út: Foppe, Teake, Ilse en Janna.
In behoarlik sterk fak - dat moest ek wol - omdat we al trije kearen ferlern ha.

It defensieve kwartet, per namme op alfabet: Nynke, Simon, Siska en Wietze.
Yn ferliking mei Goorecht wienen ús spilers mar lyts, hè.

Op ‘e kant sieten Henk en BT,
dat wie de sneinse selectsje fan it fjierde fan Wêz Handich/DOW.

Dennis, fan De Pein, fersoarge de arbitraazje.
Yn tsjinstelling tot Goorecht moesten wy it ha fan ús oanvallende fariaasje.

Aksje nei it skot, in trochrinbal en in pear treffers fan Foppe.
En healwei de earste helte wy it mei 5-3 Fryslân Boppe.

De gasten út Sappemeer krigen de smaak wat mear te pakken
en wisten d’r in oantal goaltsjes by te plakken.

In goal fan it fjierde wie echter wat de wedstryd ferlangde.
Dy wurde makke troch in gastspiler en dearfoar wolle we Simon bedanke.

Krekt foar it skoft toen sette Goorecht wer oan.
Dus de thúsploech moest d’r wer efteroan - mei goaltsjes fan Janna en Foppe - hy scoarde hjoed oan de rinnende bân.

Acht tsjin tolve wie de tsjinfallende rêststân.
Maar folgens spieler/coach Wietze wie d’r neat oan de hân.

Yn de twadde helte rekke Teake blesseard,
sa nei 11-13 is d’r neat mear noteerd.

Twa treffers fan Siska kin ik my noch heuchje, -
mar precies wit ik it net hjer - in útstartbal en fan ôfstân ast it oan mei soest freagje.

Trije treffers wienen dan noch oer,
dy kwamen fan in ynfaller en wienen hiel djoer.

Alle trije fan ôfstân, it publyk had it sjûn.
Foppe sei dan ek nei ferrin: “zonder Henk hiene we hjoed net wûn”.

“Mei him toch ek net?” ferbetere Henk ‘m, skerp as in mes.
Mei dizze 16-16 is ’t leagste plakje foar WSS.

Neie wike binne we frij, tot ús greutste fertriet.
Groetnis fan ’t fjierde, Sinterklaas en de Reservepiet.