It 6e jout gjin kadootsjes wei

 

Yn dizze tiid fan Sinteklaasrimelarij.
Dogge we dêr as 6 e ek mar oan mei.

De auto brocht ús dizze snein nei Noordwolde ta.
Dêr soene we Forward 1 as tsjinstander ha.

Gooitzen begong hjoed in kear net op de kant.
En soarge foar de 1-1 stand.

André koe it gat fan de koer wol fine.
Ien tichtby de koer en 1 hast by de line.

Michiel en Jakob dûbelden kear op kear.
En makken beide ien tsjin hun hear.

Yn it skoft stie de 4-6 op it skoareboerd
En waarden we troch Wobbe in bytsje by stjoerd

Nei de pauze hiene we in goeie start.
Foaral troch ôfstanders fan Betty en Gerard.

Wobbe hat alle popkes goed te plak set.
En Janke hat hjoed mei Elske red.

Sjoukje die ek “een duit in het zakje”
En skeat fan har favoriete plakje.

Geriena en Anneke wiene foar de steun en de ôffang.
Sa, no steane we boppe oan de rang.

7-18, mei dûbele sifers wûn.
En dat “sportlinkten”we ek nei de bûn.

Dit wie ús lêste wedstryd fan dit jier.
8 jannewaris steane we wer op de sporthalflier.

Doelpunten: Betty 5, André 4, Gerard 4, Michiel 2, Gooitzen 1, Sjoukje 1, Jakob 1