Samen (g)Een punten tsjin WH/DOW 6

 

Nei in poerbêste foarbereiding, wûn fan it fierde ( en in pear huurlingen fan it tredde) mei 13-9, tochten we dat we de wrâld wol oankoene en waarden sels al in bytsje oermoedich. Der is my fersocht om hjir fierder net te folle oer te skriuwen, om it der net te bot yn te wriuwen. It leit allegear nochal wat gefoelich.

De bûn hat de tsjinstanders dit sealseizoen foar ús al wat fierder fuort socht. It earste tiim fan Samen 1 út Giethoorn stie snein om 11.10 foar ús klear.

Betty en Wobbe dy’t dit seizoen noch net folle spylminuten hân hiene (troch blessueres en oar lichamelik leed), mochten begjinne yn de basis. En dan soene we sjen hoe lang oft se it folhâlde soene. Net te gek de earste kear. De start wie prima foar it 6 e tiim. De dames soargen de foar dat er 3-0 op it skoareboerd kaam. Samen 1, dy’t in bank fol reserve spilers mei hie, sette der eefkes wat oare minsken yn en kamen wer lyk mei ús. Krekt foar it skoft makken we 5-4 en koene mei goed gefoel it klaaihok yn. Neffens ús “coach” moasten we net te bot mei gean yn it wurkkuorbal fan Samen 1, mar ús eigen spultsje spyljen bliuwe. Dus net te folle ballen yn de steun, mar dûbelje, lange lijnen rinne en sjitte fan ôfstân, dêr draait it yn de seal om. Dit konsept pakte goed út. We rûnen út nei in 8-4 foarsprong. Oars roppe wy altyd, wy pakke se op kondysje, mar dat ha de minsken út it Venetie fan it noarden ek tocht. As der yn warch wie dan wisselen se wer en krigen we wer in farske kracht tsjinoer ús. Sa kamen se dochs noch wol hiel tichtby. Mar mei in einútslach fan 9-8 bleaunen we dochs oan de goeie kant fan de streep. Sa naam Samen (g)Een punten mei nei harren wenplak.

 

Doelpunten: André 3, Anneke 2, Jakob 1, Janke 1, Gerard 1, Betty 1