In byld seit mear as 1000 wurden

 

De nije webmaster wol alles graach goed foar elkoar ha, dat foar de wedstryd waard der in moai plaatsje fan ús sketten troch fotograaf Menno van der Heide. We ha besocht om der ferwoestend út te sjen. Mei it burd noch rûch om it kin en in felle blik yn de eagen, mar dat is net hielendal slagge. Der wurdt nochal wat lake op de foto en dat past miskien ek wol better by ús. (De foto is te besichtigjen op de site) Hjoed mochten we wer ris tsjin de Pein, dat wie al wer in skoftsje lyn. Foarich jier diene se tsjin it fyfde en no binne se noch leger sakke en mei se tsjin it 6de fan WH/DOW.

 

Michiel dy’t fan de coach mei Grytsje yn ien fak mocht, koe dat wol wurdearje en makke 1-0. De Pein skoarde fuort tsjin. It twadde oanfalsfak koe elkoar yn it begjin net sa goed fine. Letter wiene se wat oan elkoar wend en waard der ek troch dit fak ien makke. Dêrnei wie it André-time. Hy stie hjoed garant foar de helft fan de doelpunten. Mei in 6-3 foarsprong gongen we om tee. De twadde helte binne we net mear yn gefaar west. De Pein hat der alles oan dien om de stand noch wat draagliker te meitsjen. Jan (bus) hat in skoft mei de skieds praat, hy fûn dat er wol hiel tichtby wie yn de ferdigening. Mar neffens ús, ha ús grutte hearen him noait sjoen. Ek waard ien fan ús dames in giel shirt oan lutsen en ynbrocht (blau stiet har trouwens folle better). Nei 70 minuten stie der 12-8 op it skoareboerd. Nei wat drinken en in waarme dûs, ha we de klaaikeamers ek noch mar eefkes oanpakt.

 

Doelpunten: André 6, Jakob 2, Anneke 2, Michiel 1 en Gerard 1