Tiimbouwerij (teambuilding)

 

Snein wie it it moaiste waar fan de wereld, in tsjinstanner dy’t de wike derfoar 22 makke hie (Rodenburg 4), dat wy tochten dit sil wol in doelpuntryk duel wurde. Sjoukje dy’t moarns hast net by de trap delkomme koe, sokke dikke fuotten fan it optocht rinnen yn Garyp, biet troch de pine hinne en makke mei in moaie ôfstander 1-0. Dêrnei wie it foaral Gerard dy’t ús yn de “race” hâlde moast. Hy kaam yn it roze boekje mei 3 goals. Rodenburg koe elkoar wat makkeliker fine. Wy hiene wol in soad lange oanfallen, mar de tsjinstanner wie folle effektiver dan ús. Ien skot en fuort raak. Yn it skoft wiene we noch net iens ûntefreden 6-6. We krigen noch mei, dat we nei it dûbeljen net stean bliuwe moasten, mar ferplaatse oars makken we it se wol hiel makkelik. Mar dit holp allegear net. We ha de twadde helte mar ien goal makke en dy fûl ek noch yn de lêste minút. Ek Rodenburg wie net op it skot, dat wy ha it publyk net echt fermakke dizze kear. 7-9 wie de treurige útslach dy’t we nei de KNKV stjoerd ha. No waard der roppen: we moatte woansdei mar te trenen mei syn allen, want sa kin it ek net. It paste guon net, moai waar om in kuilbult te meitsjen of miskien lukt hea sels noch wol. Dan mar teambuilde by de boer. Dus as der woansdei net ien te trenen is fan it seisde, dan witte jim wêr’t jim ús fine kinne. We binne oan it autobannen smiten op it Wytfean of op de Swarte Wei.

Doelpunten:
Gerard 3, Sjoukje 1, Michiel 1, André 1, Jakob 1.